Ungelokken troch glêdens

21 jan 2011 - 09:52

Troch glêdens hawwe freedtemoarn rûnom yn Fryslân ûngelokken west. Yn Westergeast, Suwâld en Jorwert rekken minsken mei har auto yn de sleat. Se binne der yntusken allegearre út holpen. Yn Westergeast moast de dyk ôfsletten wurde fanwege in ûngelok.

Op de Camminghabrêge yn Ljouwert rieden ek ferskate auto's tsjin elkoar omdat it dêr spegelglêd wie. En yn Frjentsjer is in frou mei de fyts ûnderút gien, meldt de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)