Nij plan glêstúnbou

It bestemmingsplan foar glêstúnbou yn Seisbierrum wurdt opnij yn proseduere brocht. In jier lyn hat de Ried fan Steat de earste ferzje ôfkard. Dat wie omdat der beswier makke wie tsjin al it ljocht nachts en tsjin de wize wêrop't de kassen ferwaarme wurde soene.
De gemeente Frjentsjerteradiel hat de plannen no oanpast. Der mei no folle minder ljocht brûkt wurde. En der binne no plannen om duorsume enerzjy te brûken om de kassen te ferwaarmjen.