Aris ferliest kwartfinale
De Friesland Aris hat de earste kwartfinalewedstriid fan it bekertoernoai dik ferlern fan EiffelTowers Den Bosch. Yn It Kealledykje waard it 98-75 foar de ploech út Brabân. Aris begûn goed oan de wedstriid. Healwei stiene de Ljouwerter basketballers noch op foarsprong: 46-42.
Yn de lêste twa kwarten makke Den Bosch it ferskil: 17-28 en 12-28. De twadde wedstriid is op 17 febrewaris yn De Maaspoort yn Den Bosch.
Trefwurden:
argyf