Helikopter siket ynbrekkers

20 jan 2011 - 22:40

De plysje hat tongersdeitejûn yn Emmeloard mei in helikopter socht nei minsken dy't earder dy jûn ynbrutsen hiene yn Sleat. By dy ynbraak yn Sleat waard in auto sjoen. Troch de help yn te roppen fan burgernet koe de plysje de auto weromfine yn Emmeloard.

De auto wie leech, dêrom waard mei waarmtekamera's nei de fertochten socht. Oant no ta is der net ien oanhâlden. Neffens de plysje is de auto faker sjoen nei ynbraken yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)