Masterkok klear foar finale

20 jan 2011 - 17:07

It team fan masterkok Marco Poldervaart fan restaurant de Gastronoom yn Harns is klear foar de finale fan de Bocuse d'Or. Dat is de Champions League fan it itensieden en wurdt hâlden yn Lyon. By de generale repetysje binne de lêste puntsjes op de i set. It giet dan om de ôfwurking fan de gerjochten en it taheakjen fan krekt in bytsje ekstra smaak.

Marco Poldervaart en syn koksmaat Jan Smink moatte tiisdei oan de bak. In dei letter wurdt bekend wa't wûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)