Fermiste man wer terjochte

20 jan 2011 - 16:30

De 60-jierrige Peter Jan Nieuwdorp dy't sûnt moandei fermist waard, is terjochte. Moandei ried er út syn wenplak Basel yn Switserlân nei Nederlân. Syn famylje makke him soargen, omdat er yn de war wêze soe.

Ut syn telefoangegevens waard dúdlik dat er tiisdei tusken Drachten en De Like wie. Dêrom die de plysje yn it Noarden in oprop nei Nieuwdorp út te sjen. Tongersdei belle er mei syn famylje. Hy sei dat it goed mei him is en dat er ûnderweis is werom nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)