Bas Dost wol fuort

20 jan 2011 - 13:39

Bas Dost wol sc Hearrenfean nei in healjier al wer ferlitte. De oanfaller dy't oan it begjin fan dit seizoen foar trije miljoen euro oerkaam fan Heracles Almelo hat oant no ta net oertsjûgje kind.

Tiisdei hat Dost tegearre mei syn saakwaarnimmer Henk Nienhuis in petear hân mei de direksje fan Hearrenfean. Dêryn hat hy dúdlik makke dat hy ûntefreden is mei syn reserverol. sc Hearrenfean is net fan doel om Bas Dost samar gean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)