Caravana fan start yn WTC Expo

20 jan 2011 - 12:51

Yn it WTC Expo yn Ljouwert is tongersdeitemoarn de Caravana-beurs begûn. Dat is de grutste kampearbeurs fan Nederlân. Ferline jier kamen der hast 52.000 besikers. Dit jier soene dat noch mear wurde moatte.

Op de beurs binne de nijste kampearmiddelen te sjen. Tema fan de beurs is dan ek 'Toon de Toekomst'. Neffens beursmanager Mirel Bosman is it saneamde glamping op dit momint yn opkomst. Dat stiet foar lúks kampearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)