Drankrider rydbewiis kwyt
In 55-jierrige drankrider út De Jouwer is woansdeitejûn oanhâlden op de Uilke Boonstraleane. Tsjûgen alarmearren de plysje dat de man op de Titus Brandsmawei in frou bedrige hie, wêrnei't er mei drank op achter it stjoer stapte.
Doe't de man de plysjes seach, gie er op de passazjiersstoel sitten. It holp him net. De man moast syn rydbewiis ynleverje.
Trefwurden:
argyf