Man rydt slingerjend oer dyk

20 jan 2011 - 11:14

In 29-jierrige automobilist út Almere is woansdeitemiddei yn Easterwâlde oanhâlden om't er slingerjend oer de dyk ried. Hy reagearre net op stoptekens fan de plysje.

Nei't er klemriden wie, die bliken dat de man in waarm miel oan it iten wie. Dat stie neist him op de grûn foar de byridersstoel. De man hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)