SC Cambuur is 3 punten kwyt

Sportklup Cambuur rekket definityf trije punten kwyt. Fuotbalbûn KNVB hat de klup dy straf oplein, om't Cambuur him net oan syn eigen finansjele plan fan oanpak hâlden hat. It ferlies oer it seizoen 2009-2010 wie grutter as yn de begrutting stie.
Cambuur gie ferline wike yn berop tsjin de straf, mar dat berop is no ôfwiisd troch it fuotbalbûn. Konsekwinsje is dat Cambuur fan it fiifde nei it achtste plak sakket. It puntetotaal is no 24 ynstee fan 27.