'Buwalda en Hoekstra werom'

Der bestiet in grutte kâns dat Klaas Buwalda en Dirk Hoekstra opnij yn de ried fan kommissarissen fan SC Cambuur komme. Der wurdt op dit stuit socht nei in nij bestjoer foar de fuotbalklup. De troch de gemeente oanstelde fertrouwensman Jan Zeinstra is dêr mei dwaande.
Fan Buwalda is bekend dat hy graach yn de Ried weromkomme wol. Ynvestearder Ype Smid slút net út dat Buwalda en Hoekstra benadere binne foar in sit yn de RfK, mar wol it ek net befêstigje.