Soad skea by ynbraak boaten
By ynbraken yn acht boaten yn De Pein is in soad skea oanrjochte. De boaten leinen yn in stalling oan de Hegewei. Om yn de boaten komme te kinnen, waarden de dekseilen iepen snien.
Ut in oantal boaten binne brânstoftanks stellen. Noch net alle eigners hawwe oanjefte dien. Mooglik is der noch mear stellen.