Roemeenske winkeldief oppakt

20 jan 2011 - 10:41

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 24-jierrige Roemeenske man oppakt. In befeiliger seach him yn in winkel, wylst de man in kollektyf winkelferbod hat.

De fertochte hie in preparearre tas by him om te brûken foar winkelstellerij. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)