Dochs ryksjild foar Fryslân

Deputearre Galema: bliid mei ryksjild
Der komt dit jier dochs noch mear as 10 miljoen euro fan it ryk foar wettertechnology en enerzjyprojekten yn Noard-Nederlân, ek al wol it kabinet de stipemaatregels ôfbouwe.
Dat is it resultaat fan oerlis fan CDA deputearren út it Noarden mei minister Maxime Verhagen en steatssiktaris Henk Bleker, beide fan ekonomyske saken. Deputearre Galema fan Fryslân reagearret optein op de tasizzingen foar stipe oan it Noarden.