Jonges smite mei nitraat

19 jan 2011 - 21:13

Yn de strjitten De Fûke en De Tichtset yn Grou is woansdeitejûn smiten mei nitraatfjoerwurk. By it ûntploffen fan it swiere fjoerwurk is in hûs skansearre rekke. De plysje is nei de melding in boargernetaksje start.

De plysje siket om twa jonges fan ûngefear 17 jier, dy't op de fyts útnaaid binne rjochting de sportfjilden. Minsken dy't wat sjoen hawwe wurde fersocht dat te melden by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)