Tegelhúske yn Rottum

19 jan 2011 - 19:54

Learlingen fan basisskoalle 'De Ynset' yn Rottum begjinne mei in spesjaal keunstprojekt. Foar harren skoalgebou stiet in griis transformatorhúske en de bedoeling is dat se dat sels opknappe mei tegels mei dêrop eigen makke famyljewapens. Dy tegels sille bakt wurde by de Keninklike Tichelaar yn Makkum.

Sa leare de bern in soad fan de skiednis fan it doarp en de streek. Dêrneist krije de bern ek noch les fan keunstner Hilda Kanselaar út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)