Geworg kin ek útset wurde

Sahar út Sint Anne is in lanlike saak wurden. Mar der binne mear bern yn Fryslân dy't hjir grut wurden binne en elk momint útset wurde kinne. Geworg fan Kimswert is sa'n bern.
Geworg is 15 jier. Hy is berne yn Armenië. Syn heit is dêr fermoarde troch de plysje. Foar Geworg en syn mem waard de situaasje te gefaarlik en se flechten yn 2001 nei Nederlân. Syn styfheit, ek in Armeniër, hat in ferbliuwsfergunning. Geworg en syn mem net.