Ljouwert nimt ICT eilannen oer
Ljouwert nimt it ICT-wurk fan de Waadeilannen oer. Der is woansdei in oerienkomst oer ûndertekene. De gemeente Ljouwert wurket al gear mei Boarnsterhim en de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Der binne noch mear gemeenten dy't mei Ljouwert gearwurkje wolle as it om ynformaasje- en kommunikaasjetechnology giet. Troch de gearwurking wurdt jild besparre wêrmei't bygelyks de belestingen omleech kinne.
Trefwurden:
argyf