Sigaretten op Skylge oanspield

Op de Noardseekust fan Skylge binne woansdei sigaretten oanspield. It giet neffens de Skylger jutter Hessel Wiegman om sa'n 80 sloffen fan it merk Gauloises. De sloffen sigaretten binne yn foly ferpakt. It is ûndúdlik oft se noch opsmookt wurde kinne. It is net bekend hokker skip de lading ferlear.
De belangstelling foar de oanspielde sloffen is grut. Neffens Wiegman binne woansdeitemiddei in grut tal 0 jeeps op it strân tusken Paal 8 en it Amelanner Gat.