Weening falt yn Australië

Hurdfytser Pieter Weening is woansdei fallen yn de twadde etappe fan de Tour Down Under, yn Australië. Weening rûn ferwûnings op en moast nei it sikehûs brocht wurde. Hy krige seis hechtings.
Troch de falpartij stiet de ynwenner fan de Harkema no op it 133e en lêste plak, mei in achterstân fan goed fiif minuten. Weening stiet tongersdei wol oan de start fan de tredde etappe fan de Tour Down Under.