Protest tsjin besunigings

19 jan 2011 - 12:29

Soarchbelang Fryslân hat woansdei aksjefierd yn Ljouwert tsjin de besunigingen fan it ryk. Meiwurkers trommelen mei minsken fan it fakbûn FNV en it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden op blikken.

Dy blikken binne oanbean oan de fertsjintwurdigers fan de Fryske politike partijen. Se fine dat de besunigings min útpakke foar de swakkere groepen yn Fryslân. Dat boadskip moat de provinsjale polityk oerbrenge oan Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)