Oanjeftes tsjin oplichter

It omtinken dat it TROS-programma Opgelicht jûn hat oan in oplichter út De Westereen sil ta mear oanjeftes liede. Dat tinkt de plysje. Dy hat earder al tsien oanjeftes tsjin de man krigen. De man soe ûnder oare in tal famyljeleden oplicht hawwe, soms foar mear as twa ton. De fertochte seit dat er syn uterste bêst dwaan sil om it jild wer werom te beteljen.
De plysje hat op it buro yn Drachten resjersjeurs frijmakke dy't har mei de saak dwaande hâlde.