Beswier Westereen-East takend

19 jan 2011 - 11:54

De Steatsried hat in diel fan it bestimmingsplan De Westereen-East ôfkard. In tal omwenners hie beswier tsjin it bestimmingsplan yntsjinne. Twa fan har hawwe fan de Ried fan Steat gelyk krigen. Ien makke beswier tsjin it ferdwinen fan syn frij útsicht, de oare tsjin it ferdwinen fan in wenbestemming op syn perseel.

Neffens de gemeente hat it beslút fan de Ried gjin gefolgen foar de útfiering fan it plan. Dat befettet de oanlis fan in rûnwei en sportterreinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)