PvdA wol 'ferkiezingsreses'

19 jan 2011 - 11:47

De PvdA wol dat deputearre steaten oant de ferkiezing fan 2 maart gjin nij belied mear meitsje. Doel is om foar te kommen dat deputearren as listlûker oare mienings ferkundigje as as deputearre.

Oarsaak fan de diskusje is it optreden fan CDA-deputearre Galema op in jûn fan syn partij. Hy sei foar in nije fúzjegemeente Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân te wêzen. As deputearre woe er de dat Skarsterlân mei Hearrenfean gearwurking socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)