Holland Casino stiet faai

19 jan 2011 - 11:28

De soargen fan it personiel fan Holland Casino yn Ljouwert oer it fuortbestean binne terjochte. De festiging stiet faai. It bedriuw befêstiget it berjocht fan FNV dat it personiel tiisdei ferteld is dat 30 fan de 70 wurknimmers derút moatte soene. De iepeningstiden wurde oanpast. Dat beslút is noch net wis.

Minder oeren mei minder minsken moat der foar soargje dat de festiging winstjaand wurdt. Der is yn Ljouwert inkeld noch mei ferlies draaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)