Bus TNT stellen yn Ljouwert

19 jan 2011 - 10:58

De plysje ûndersiket de stellerij fan in koeriersbus fan TNT. De bus waard tiisdeitemiddei stellen doe't de sjauffeur in pakje ôflevere yn Ljouwert. Hy liet dêrby de kaai yn it kontakt sitte. Twa oeren letter waard de bus werom fûn.

De plysje siket no minsken dy't mear oer de stellerij fertelle kinne. It giet om in bestelbus fan it type Ford Transit mei kenteken 97-BX-TH. Minsken kinne belje mei 0900-8844 of anonym mei 0800-7000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)