Mishannele nei spul om hûn

19 jan 2011 - 10:30

In man (28) út Harns is troch de plysje oanhâlden fanwege de mishanneling fan in plakgenoat. De man sloech in frou (69) mei in honkbalkneppel. Dat wie nei't de twa rûzje krigen hiene oer in hûn. Dy wie troch de man by de soan fan de frou weihelle om't er fûn dat se der net goed op paste. Doe't de frou de hûn weromhelje woe, ûntstie de rûzje.

De man is oppakt troch de plysje, de hûn is yntusken werom by de eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)