Drugshanneler op It Fean pakt

De plysje hat in man (23) fan It Hearrenfean oppakt fanwege de hannel yn drugs. De plysje kaam de man op it spoar nei in tal tips. Yn syn hûs waarden ûnder oare kokaïne en amfetamine fûn. Ek waard der GHB en materiaal foar it meitsjen fan GHB oantroffen. Alle drugs binne yn beslach naam.
De man hat yntusken bekend dat er it ôfrûne healjier yn drugs hannele hat. Trije minsken dy't drugs by him kochten hawwe in proses-ferbaal krigen.