Man mei ferbeane wapens pakt

De plysje hat in ynwenner (46) fan Snits oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. De plysje kaam de man op it spoar nei in tip dat er âldjiersjûn mei in pistoal yn 'e loft sketten hie. Nei in ûndersyk waard de man tiisdei oanhâlden. Yn syn hûs oan de Liaukemastraat waarden in alarmpistoal mei munysje, in harpoengewear, in kapmes en wurchstokjes fûn.
Alle wapens binne yn beslach naam. De fertochte sit noch fêst.