Klusbus foar âlderein

19 jan 2011 - 10:08

Ljouwert krijt in nije klusbus 65+. It inisjatyf is fan de stichting Vrienden voor het Leven. De bus is bedoeld foar 65-plussers dy't sels gjin lytse kluskes yn of om hûs dwaan kinne. De materialen moatte betelle wurde, mar it wurk troch de frijwilliger fan de bus is fergees.

Minsken dy't in berop dwaan wolle op de klusser, moatte stiper wêze fan de stichting. De stichting presintearret ein jannewaris de tredde bus. Yn 1994 waard de earste bus kocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)