Gjin klachten oer stoom Omrin

19 jan 2011 - 09:38

Omrin hat gjin klachten hân nei oanlieding fan in test mei de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. Tiisdeitejûn waard stoom út de sintrale litten. Mei dy stoom wurde de liedingen skjinmakke.

De ferwachting wie dat it lûd fan de stoom yn de omkriten te hearren wêze soe, mar Omrin hat gjin telefoantsjes hân. Neidat de liedingen skjinmakke binne kin Omrin fierder mei it echte testen fan de sintrale, it giet dan om it ferbrânen fan ôffal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)