Minder ynset KNRM

19 jan 2011 - 06:44

De Fryske KNRM hat ferline jier minder yn aksje west as it jier der foar. Dat docht bliken út de jiersifers dy't de rêdingsmaatskippij woansdei bekend makke hat. Yn 2010 waard de KNRM 576 kear oproppen, dat is sa'n 50 kear minder as yn 2009.

Yn in grut diel fan de gefallen giet it om pasjinteferfier op it Waad. Ien fan de grutste ynsetten wie by it omslaan fan in skulpesûger foar de kust fan Skylge. Dêrby kamen de trije opfarrenden om it libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)