Feroardieling fan âld-SP'ers
De rjochtbank yn Ljouwert hat fjouwer âld-leden fan de SP yn Skarsterlân feroardiele ta 60 oeren wurkstraf ûnder betingst. De fjouwer soene oan ferkiezingsfraude dien hawwe. Ien fan harren hat in falske hanteken fan SP-partijfoarsitter Marijnissen op in kieslist set. Sa koene se oan 'e riedsferkiezings fan 2010 meidwaan.
Justysje hie wurkstraffen fan 60 en 120 oeren tsjin de fjouwer easke. De rjochtbank giet dêr net yn mei.
Trefwurden:
argyf