Nauta net nei WK Allround

Yvonne Nauta (foto: Sportfoto.nl)
Reedrydster Yvonne Nauta is der net yn slagge har de pleatsen foar it WK Allround yn Calgary. Op de skate-off foar de 3000 meter einige se as fjirde, op flinke achterstân fan Jorien Voorhuis. Dat ferskil koe Nauta tiisdei op de 1500 meter net mear goedmeitsje. Se einige as tredde, achter Voorhuis en Linda de Vries.
Marrit Leenstra wie earder al wol wis fan dielname oan it WK allround. Sy is ek reserve foar it WK sprint, dat takom wykein yn Thialf ferriden wurdt.