Skipfile op Rijn by Lorelei

Fryske skippers lizze mei oare skippen yn 'e file by de Lorelei yn Dútslân. Sûnt tongersdei blokkearret in omsleine tanker mei swavelsoer de Rijn. It is te gefaarlik foar oare skippen om der del te farren.
Hoelang't it duorret foardat it skip burgen wurde kin is noch ûndúdlik. De foarsizzings fariearje fan ien dei oant fjouwer wike. Foar de measte skippers moat it net te lang duorje. Stillizzen kostet jild. De fersekering fergoedet dat mar foar in part.