Fryske plysje: gjin bon-kwotum

18 jan 2011 - 12:01

De Fryske plysje hantearret gjin bonkwotum. Dêrmei reagearret de plysje op berjochtjouwing yn ûnder oare De Telegraaf. Dy krante meldt dat Fryslân ien fan 'e korpsen is dêr't plysjes in fêststeand tal bekeurings útskriuwe moatte. Dogge se dat net, dan soe dat gefolgen hawwe kinne foar promoasje.

Minister Opstelten hat it bonkwontum ferbean. Neffens in ferklearring fan de Fryske plysje wurdt it systeem al jierren net mear brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)