Fûgelpits ferliest sponsor

18 jan 2011 - 11:39

De Fûgelpits yn Moddergat moat op syk nei in nije haadsponsor. De NAM wol no jild stekke yn oare goede doelen. Dêrtroch driget de Fûgelpits takom jier 25.000 euro mis te rinnen. It bestjoer fan de Fûgelpits hat al bedriuwen en fûnsen benadere, mar dat hat noch neat opsmiten.

De fûgelopfang moat eins grutte ynvestearrings dwaan. Bassins en koaien dy't acht jier lyn delsetten binne as tydlike oplossing, moatte ferfongen wurde. Dêr is gjin jild foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)