Jumbo's op Waadeilannen

Nes op It Amelân
Supermerkketen Jumbo iepenet de kommende tiid winkels op de Waadeilannen. De keten hat kontrakten sletten mei ûndernimmers op Skylge, It Amelân en Teksel. De Super de Boers fan Formearum, Nes en Den Burg wurde dit jier omboud ta Jumbo's.
De keten fan Super de Boer is ferkocht oan Jumbo. De twahûndert oansletten selsstannige supermerkûndernimmers meie kieze oft se fierder gean as Jumbo of as Super de Boer.