Cambuur wint oefenpot yn Snits

SC Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin haadklasser Snits Wyt Swart mei 8-3 wûn. By it skoft stie it noch mar 2-1 foar Cambuur. De goals waarden makke troch Nassir Maachi en Mark de Vries.
Nei de pauze naam Cambuur rap ôfstân fan de Snitsers. Reza Ghoochannejhad wie mei trije doelpunten de topskutter. De oare goals waarden makke troch Sandor van der Heide, Danny Guijt en noch ien fan Maachi. Foar de Snitsers skoarden Thijs Goes, Elwin Kloosterman en Erwin Swart.