Ferset tsjin Ranch Fryslân
De bewenners fan it Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost krije help by de striid tsjin de Ranch Fryslân. Der binne 170 beswieren binnenkaam by de gemeente Kollumerlân. Neffens it plan moatte der in fyftich grutte huzen mei stâlen komme foar hynderleafhawwers.
Minsken wat fierder fuort hawwe dêr ek beswier tsjin makke. Neffens de aksjegroep tsjin de plannen sitte der seker fjirtich mei brieven ûnderbouwde beswieren by. Yn it Paradyske komme ek kuierders en fytsers.
Trefwurden:
argyf