Jorrit Bergsma nei Moskou

Jorrit Bergsma (argyffoto: Sportfoto.nl)
Jorrit Bergsma is der sa goed as wis fan dat hy meidwaan kin oan de wrâldbeker yn Moskou. Op in skate-off foar de 5000 meter waard er mei trije sekonden efterstân twadde efter Jan Blokhuijsen en dat is in oanwiisplak. Willem Hut einige as njoggende en ien-nei-lêste.
Yvonne Nauta giet net nei Moskou. Op de 3 kilometer waard se fjirde en lêste efter winnares Jorien Voorhuis. Nauta striidt noch wol om in plak op it WK Allround, mar har kâns is lyts.