Brief oer Sintrale As ynlutsen

17 jan 2011 - 14:17

De provinsje lûkt it brief yn oer de oankeap fan grûn foar de Sintrale As. Ein desimber is in brief ferstjoerd oan eigners fan grûn yn it gebiet mei dêryn in foarstel oer de priis fan it lân. Yn it brief wurde minsken foar it blok set. As se it bod net oannimme, wurdt in proseduere tsjin harren opstart.

De grûneigners binne poer op de provinsje. Neffens deputearre Adema hie it sa net moatten. De eigners sille in nije, dúdlikere brief krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)