Oppakt foar brân yn Assen

Twa Ljouwerters binne sneintemoarn yn Assen oanhâlden op fertinking fan brânstifting. It giet om in man fan 19 en in frou fan 20 jier. Se wurde derfan fertocht dat se in leechsteand wenhûs yn Assen yn 'e brân stutsen hawwe.
De útslaande brân ûntstie om njoggen oere moarns. Der waard fuortendaliks tocht oan brânstifting. Dêrop binne de twa fertochten eefkes letter op it treinstasjon yn Assen oanhâlden. In tredde fertochte naaide út.