'Vuelta by alve stêden del'

17 jan 2011 - 12:45

De Ronde fan Spanje moat yn 2015 in etappe yn Fryslân krije. Dat is steatssekretaris Atsma fan betinken. Drinte is yn 'e race foar de start fan de Vuelta. Foar de organisaasje wol Drinte help hawwe fan oare noardlike provinsjes. Neffens Atsma soe de twadde etappe hiel moai by de Fryske alve stêden del kinne.

De Profronde Surhústerfean stiet achter it plan fan Atsma. Om it trochgean litte te kinnen moatte der noch wol miljoenen op it kleed komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)