Alde munten stellen

17 jan 2011 - 10:59

Ut in wenhûs oan 'e Blomsleane yn Wolvegea binne dit wykein âlde munten stellen. De dieder is it hûs ynkaam troch in rút iepen te brekken. Ut it hûs yn Wolvegea waarden ek noch euro's meinaam.

Fierders waard dit wykein ek ynbrutsen yn in hûs oan 'e Ulke Boonstraleane yn Ljouwert. Dêr naam de dief njonken euro's ek sieraden mei. De dieder kaam der dêr ek yn troch in rút iepen te brekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)