Fanke oanriden yn Drachten
In jonge frou fan 18 jier út Drachten is snein ferwûne rekke doe't se yn har wenplak oanriden waard troch in 86-jierrige automobilist út Oerterp. De man waard neffens eigen sizzen ferbline troch in tsjinlizzer en ried dêrtroch it fanke oan. Se rûn op 'e Suderskarren yn Drachten.
It fanke is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.