Epke Zonderland: bêste turner

Epke: bêste turner 2010
Turner Epke Zonderland is yn Utecht troch it turnbûn KNGU útroppen ta bêste turner fan it jier 2010. Zonderland pakte it ôfrûne jier ûnder oaren sulver op it Europeesk kampioenskip en op it wrâldkampioenskip.
Takom april stiet it Europeesk kampioenskip wer op de aginda. Dêr sil ien fan de grutste konkurrinten fan Epke, de Dútser Fabian Hambüchen, net mei dwaan. Hy rekke ôfrûne wykein swier blessearre oan syn achillespees.