Mid-Fryslan wint fan AKC

It earste team fan Mid-Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe snein mei 23-16 wûn fan AKC út Almelo. De manlju en froulju fan trainer Peter Tolsma makken dêrmei de start fan it nije jier goed: ferline wike waard fan VADA ferlern en like in goede posysje yn it klassemint fier fuort.
Mid-Fryslân stiet no op in fiifde plak en spilet takom wike de Fryske derby tsjin LDODK.