Follybalferlies foar Snits
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 ferlern fan Taurus út Houten. De Snitser froulju koene foar harren thúspublyk allinnich de twadde set winne.
Mei dit ferlies bliuwt de ploech fan trainster Petra Groenland op it ien nei lêste plak stean fan de lanlike kompetysje. De setstannen: 16-25, 26-24, 9-25 en 26-28.
Trefwurden:
argyf